Berekkening útstjit doocht net

11 maaie 2011 - 12:25

De berekkeningen fan de útstjit fan de ôffaloven yn Harns binne noch hieltyd net goed. Dat stiet yn in nij Stab-rapport oer de miljeufergunning foar de REC. De Stab advisearret de Raad van State. De ôffaloven stiet oan 'e kust en yn 'e berekkeningen wurdt dêr te min rekken mei hâlden.

Yn Nederlân binne gjin ûndersykswizen om dit te dwaan, om't sa'n situaasje seldsum is. Neffens tsjinstanners fan de oven binne yn it bûtelân eksperts dy't soks wol ûndersykje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)