Bern op Kleffensskoalle holpen

11 maaie 2011 - 12:12

Helpferlieners begeliede woansdei bern en leararen op de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean. In learaar, in man (32) fan De Jouwer, op dy skoalle makke foto's fan bleate jonges ûnder de dûs. Alden, bern, leararen en begelieders op skoalle geane goed om mei de gefolgen seit de direkteur.

De leararen ha ynstrukjes krigen hoe't se hjir mei omgean moatte en ek de bern kinne mei helpferlieners prate. It betrouwen tusken leararen is skeind en moat wersteld wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)