Sportklup: ynfojûn bleatfoto's

De leden fan Sportklup De Jouwer krije woansdei in brief oer de saak fan de trainer dy't bleate jonges ûnder de dûs fotografearre hat. It giet om in Jouster (32) dy't trainer fan it D1 fuotbalteam wie en learaar op in basisskoalle op It Hearrenfean.
Tongersdei is in ynformaasjejûn foar de minsken dy't direkt belutsen wiene by de man syn frijwilligerswurk. Dêrnei kin op de ledefergadering fragen steld wurde. Alden fan belutsen bern binne tiisdei al ynformearre.