Man falt fan ljedder
In ynwenner fan Sibrandabuorren is tiisdeitemiddei ferwûne rekke doe't er by wurk oan in hûs yn Tersoal fan in ljedder foel. De 64-jierrige man wie dwaande mei skilderwurk, doe't er troch noch ûnbekende oarsaak nei ûnderen kaam.
De man is mei in traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Hoe slim oft er ferwûne is, is net dúdlik.