Kontrôle op A7 by Terwispel

11 maaie 2011 - 11:02

Op de A7 by Terwispel wie woansdei in grutte ferkearskontrôle. Fan moarns sân oere ôf kontrolearren plysje, belestingtsjinst en dûane ûnder oare ôffalferfier. Fan de likernôch 130 frachtweinsjauffeurs wiene 68 yn oertreding. Der wiene foaral problemen mei de rydtiden, gefaarlike stoffen en mankeminten oan de auto.

De kontroleurs stiene oan beide kanten fan de dyk op de parkearplakken. Foar de 127 kontrolearre sjauffeurs wie der gjin ûntkommen oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)