Maatregels by diskojûn

(argyffoto)
By de diskojûn sneon yn it doarpshûs yn Wâlterswâld komme ekstra feilichheidsmaatregels. Dat is besletten nei oerlis tusken de gemeente, it doarpshûs en de organisaasje fan de disko.
De gemeente hie de organisaasjes útnoege om te praten nei meldingen fan oerlêst en drankmisbrûk. Elk is it der oer iens dat oerlêst, fernielings en drankmisbrûk troch jongeren net kinne. Jongeren kinne ek in blaastest dwaan by de yngong.