Ombudsman yn Ljouwert

10 maaie 2011 - 22:06

Ljouwert krijt as earste gemeente fan Fryslân in ombudsman. Op it heden witte in soad minsken net wêr't se mei klachten hinne moatte. In dúdlik gesicht moat dêr feroaring ynbringe, fine boargemaster en wethâlders. De bedoeling is dat de klachten sa ek better ôfhannele wurde. De ombudsman moat alle jierren ferslach dwaan fan alle klachten en hoe't er dy behannele hat. Besjoen wurdt oft de ombudsman ek ynset wurde kin foar kwestjes yn oare gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)