Staking tabaksfabryk ferbean

10 maaie 2011 - 19:01

De rjochtbank yn Utert hat de staking fan 300 meiwurkers fan Imperial Tobacco op De Jouwer ferbean. De direksje fan it tabaksfabryk hie in koart pleit oanspand om in ein te meitsjen oan de staking.

Pas freed wurdt dúdlik werom oft de rjochtbank fynt dat der net mear staakt wurde mei. Yn it fabryk wurdt sûnt moandeitemoarn staakt, omdat 60 meiwurkers útsluten wurde fan leansferheging. Tiisdeitenacht 12 oere wurdt de staking stopset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)