400 bern sporte yn stadion

10 maaie 2011 - 12:42

Scoren voor Gezondheid. Sa hjit it inisjatyf fan KNVB en sc Hearrenfean om skoalbern bewust te meitsjen fan de wearde fan sûn iten. Bern fan alve skoallen út Opsterlân, Dantumadiel en Eaststellingwerf binne woansdei yn en om it Abe Lenstrastadion om sporten te dwaan as fuotbal, kayak, rafte en de hindernisbaan.

Mei de dei komt in ein oan in wikenlang trajekt wêryn't bern op skoalle les krigen yn sûn ite en bewege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)