Nij keunstesintrum no lytser

10 maaie 2011 - 09:57

Smellingerlân wol foar 13 miljoen euro in nij keunstesintrum yn Drachten bouwe. De Lawei wurdt útwreide mei in tredde seal. Dy plannen hat wethâlder Nieske Ketelaar tiisdei bekend makke.

It giet om in útklaaid plan. Earder soene ek Museum Smellingerlân, poppoadium Iduna en de biblioteek derby belutsen wurde, mar dat waard te djoer. It is noch net dúdlik wannear't mei de bou fan it nije keunstesintrum begûn wurdt. De gemeenteried moat noch te set oer de plannen en it jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)