PVV: fergunning REC ynlûke

10 maaie 2011 - 09:42

De miljeufergunning fan Omrin foar de ôffaloven yn Harns moat ynlutsen wurde. Dat fynt de steatefraksje fan de PVV. De partij is lulk oer de ynsidinten by de ôffaloven en ek oer it feit dat Omrin dy net meldt en de oven samar stilleit.

By it testen fan de ôffaloven kaam bygelyks tefolle swaveldiokside út de piip. De oven is no hast oardel moanne yn gebrûk. De PVV is bot op de oven tsjin, omdat dy foar tefolle maatskiplike en politike ûnrêst soarget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)