Stakers Imperial gean troch

De 300 wurknimmers fan it tabaksfabryk Imperial Tobacco op 'e Jouwer sette har staking tiisdei troch. Moandei waard it wurk ek dellein. 60 aksjefierders binne mei it CNV nei Utrecht. Dêr tsjinnet in koart pleit dat de direksje oanspand hat. Dat wol de stakings sa tsjinhâlde.
It CNV wol trochstake oant de direksje oan de easken foldocht. It konflikt draait om in leansferheging, dêr't in part fan de wurknimmers gjin rjocht op hawwe soe.