Aksje tsjin bouput yn Drachten

It Raadhuisplein yn Drachten
Bewenners fan in flat oan it Riedhússplein yn Drachten hawwe skjin harren nocht fan de bouput foar de doar. Om omtinken te freegjen foar de problemen fiere se dizze wike aksje. De bewenners sitte al jierren yn de bouput.
Op it plak der't yn it sintrumplan in parkeargaraazje tekene is, mei dêrboppe in hege flat, is no in grutte fiver dêr't ôffal yn driuwt. As it waarm is, stjonkt it. Boppedat is it in briedplak foar miggen.