Bizar ûngelok by Hearrenfean

09 maaie 2011 - 17:34

In 18-jierrige jonge út Grinslân is moandeitemiddei op It Hearrenfean slim ferwûne rekke by in apart ûngelok.

De jonge siet yn in auto dy't sleept waard. Op de paralleldyk fan de A32 tusken de ôfslach nei it sintrum fan It Fean en it Abe Lenstrastadion sloech de auto oer de kop. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)