Elkien ferkeapet soad wenten

09 maaie 2011 - 16:05

Wenningstichting Elkien hat yn de earste fjouwer moanne fan dit jier 56 besteande wenningen ferkocht. Elkien is hjir tefreden oer, mei omdat ferline jier oer it folsleine jier 94 wenningen ferkocht binne.

De taname hat neffens Elkien û.o. te krijen mei de betelbere ferkeapprizen fan 80.000-120.000 euro. Boppedat binne de wenningen goed ûnderhâlden en kinne starters 20% koarting krije op de hypoteekrinte. Elkien wol dit jier minimaal 100 huzen ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)