Hannen fol oan natoerbrannen

09 maaie 2011 - 15:08

De Fryske brânwacht hat de lêste wiken de hannen fol oan alle natoerbrannen. De bestriding is dreech en dêrom is der in lanlike wurkgroep ynsteld dy't de kennis fan de bestriding by elkoar bringe sil. De Fryske brânwacht is op syn iepenst yn dizze droege tiid. Evakuaasjeplannen wurde nochris ekstra neisjoen.

Yn it Peaskewykein baarne in grut stik fan it Fochtelerfean ôf. It earste grien is wer te sjen, mar de seldsume kraanfûgels binne noch net wer sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)