Sleat wer in bytsje moaier

Yn Sleat binne op sechtjin plakken yn de stêd karakteristike lampepeallen pleatst, dy't jûns sfearljocht jouwe. De bedoeling is om de stêd wat fan it karakter fan eartiids werom te jaan. It projekt hat mei-inoar 60.000 euro koste. Dat is opbrocht troch de gemeente, Plattelânsprojekten en de Stichting Freonen fan Sleat.
De Stichting hat noch folle mear plannen om Sleat noch moaier te meitsjen, mar de gemeente hat al oanjûn dat dêr gjin jild mear foar is.