Nije bestimming stasjon Harns

09 maaie 2011 - 11:19

It âlde stasjonsgebou yn Harns wurdt wer nij libben yn blaasd. De stichting zorggroep Kardan út Harns ferspikeret it monumintale gebou no ta dei-opfang foar minsken mei in lichaamlike en ferstanlike beheining. As deibesteging sille se in kringloopwinkel draaiende hâlde.

It gebou sil tenei op in hiel soad manieren brûkt wurde: de boppeseal is aanst te hier foar byienkomsten en ek is it mooglik kantoarromte yn it stasjonsgebou te hieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)