Rúzje yn de file op A7

09 maaie 2011 - 11:05

Op de A7 by Terwispel is sneintejûn in oanriding ûntstien yn in file. In frachtwein mei in klapbân hie de file feroarsake. Der wie mar ien riidstrook beskikber en by it ritsen ûntstie in oanriding. De twa bestjoerders krigen spul oer de skuldfraach. De plysje kaam der by foar ûndersyk. Nei in ademanalyse die bliken dat ien fan de bestjoerders tefolle dronken hie. Hy krige in riidferbod oplein.

It opromjen fan de frachtauto mei de klapbân hat oeren duorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)