Motorrider 86 te hurd by Wûns

09 maaie 2011 - 10:21

Op Weesterwei by Wûns is sneintemiddei in motorrider út Boalsert oanhâlden omdat hy dêr fierstente hurd ried. Op de Weesterwei mei 80 riden wurde. De Boalserter hie mar leafst 166 op de teller stean.

De plysje hat syn riidbewiis ynnommen en ek de motor waard yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)