Kontenerbrân op It Hearrenfean

09 maaie 2011 - 10:10

By in hûs oan de Thialfweg op It Hearrenfean hat yn de nacht fan snein op moandei brân west yn in smoargenskontener. It fjoer sloech oer nei in houten skutting en lôge heech op. Dêrtroch drige de brân ek oer te slaan nei in wenhûs.

De bewenners waarden wekker makke troch de buorlju. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)