Fiskers wolle prate mei Bleker

Garnaleskip yn de haven fan Lauwerseach
In groep garnalefiskers fiert moandei aksje by it Kazemattenmuseum op Koarnwerdersân. Yn it museum fergaderet steatsekretaris Bleeker mei in tal belange-organisaasjes en de fiskers gripe dat oan om nochris oan de bel te lûken oer de grutte finansjele problemen yn de sektor.
De garnalefiskers farre op it stuit net út om't it foar harren mei de lege garnalepriis gjin jild te fertsjinjen is mei de fangst. Se wolle dat de Bleker yn aksje komt foar de sektor.