LDODK sjocht omheech
Mei in 19-14 winst op BEP docht LDODK fan Terwispel/De Gordyk wer mei om de kopposysje yn de haadklasse B fan it fjildkuorbal. De ploech fan trainer Gerald Aukes hie in wat minne seizoenstart, mar stiet no noch mar twa punten efter op Mid-Fryslân en fjouwer op koprinner VADA.
SCO út Aldeholtpea ferlear yn deselde haadklasse thús mei 17-11 fan DSC.