Doutzen 'meast positive mem'

08 maaie 2011 - 16:42

Doutzen Kroes is útroppen ta de meast positive mem fan Nederlân troch de stifting Nederland Positief nei in enkête ûnder 1500 Nederlânners fan 18 jier of âlder. It ûndersyk stie yn ferbân mei memmedei.

It Fryske model wurdt sjoen as in foarbyld fan in moderne mem dy't har drokke wurk goed kombinearret mei it mem wêzen. As twadde einige prinsesse Máxima en tredde waard Linda de Mol. De ferkiezing wurdt foar it twadde jier hâlden. Ferline jier wûn Máxima.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)