Frou rydt troch nei ûngelok

In frou (25) út it Noard-Hollânske Hoorn is sneontejûn oanhâlden troch de plysje op de A7 by Fryske Peallen. De plysje krige earder in melding dat in grize Mitsubishi belutsen wie by in oanriding op de rotonde by de Jouwer en dat de bestjoerster trochriden wie.
Doe't de plysje de frou fûn, wie de foarkant fan 'e auto bot skansearre. De frou hie drank hân, mar wegere mei te wurkjen oan in ûndersyk. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke en it ûngelok by De Jouwer wurdt ûndersocht.