Atsma: wês sunich mei wetter

08 maaie 2011 - 14:12

Minsken kinne better gjin drinkwetter brûke om planten yn 'e tún wetter te jaan. Dat advisearret steatssiktaris Joop Atsma fan ynfrastruktuer en miljeu. Hy sei dat sneon by de iepening van de renovearre jachthaven fan de Harnzer wettersportferiening.

It is al skoften fierstente droech. Neffens Atsma is de drinkwetterfoarsjenning net yn gefaar en is it noch net nedich om lanlik maatregels te nimmen. Wol is der alle wiken in krisioerlis oer droechte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)