Lemster dielt klap út

08 maaie 2011 - 14:07

De plysje hat sneintemoarn betiid op 'e Lemmer in Lemster (22) oanhâlden fanwege mishanneling. De man hie op de Flevostrjitte spul krigen mei in 19-jierrige Bantegeaster. Hy joech de Bantegeaster in klap tsjin de holle.

Op oanwizing fan de Bantegeaster koe de plysje de fertochte justjes letter oanhâlde. De Lemster waard foar neier ûndersyk oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)