Plysje pakt wyldpisser op

De plysje hat sneontenacht om 4 oere moarns in 19-jierrige man fan Folsgeare oanhâlden fanwege it opjaan fan in falske namme, wyldpisjen en dronkenskip. Aginten seagen dat de man wiidweidich tusken it publyk tsjin in gevel yn de Lytse Tsjerkstrjitte pisse. De man waard hjirfoar bekeurd, mar joech dêrby in falske namme op.
De fertochte waard dêrom foar neier ûndersyk meinommen nei it plysjeburo. Neidat er heard wie mocht er mei proses-ferbaal it buro wer ferlitte.