Autorider yn sliep op A32

De plysje hat sneontenacht nei in iensidich auto-ûngelok west op de A32 by Akkrum. De 24-jierrige Grouster wie by it akwadukt achter it stjoer yn sliep fallen en waard pas yn 'e berm wer wekker. Doe't er besocht om út de berm fuort te riden, bedarre syn auto op de fangrail. Syn linkertsjil kaam hjirby fêst te sitten en bruts ôf.
De bestjoerder rekke ferwûne en waard oerbrocht nei it sikehûs. Omdat de man mooglik ûnder ynfloed fan drank wie, waard syn rydbewiis ynfoardere.