Haakman wint Kerspelen

Tino Haakman (foto: awfoto.nl)
Tino Haakman hat sneon de Omloop fan de Kerspelen wûn. Haakman, ynwenner fan Enkhuzen, wie yn dizze tredde wedstriid fan de klupkompetysje yn de einsprint Sven van Luijk (Naaldwijk) en de Belch Gert-Jan van Immerzeel de baas.
Troch it waarme waar en de hurde wyn wiene de krapoan 180 kilometer yn de omkriten fan Droegeham dreech. De Fryske hurdfytsers kamen amper yn it stik foar.