Weening sânde yn Itaalje

08 maaie 2011 - 08:46

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is sneon mei de Rabobankploech sânde wurden yn de earste etappe fan de Giro d'Italia. It wie in ploegetiidrit oer 22 kilometer, yn Turijn. HTC Highroad waard winner.

Weening docht foar de twadde kear mei oan de ronde fan Itaalje. Ferline jier waard er 24ste. It wurdt dit jier in swiere Giro, mei acht berchetappes en ek in pear ritten fan dik oer de 200 kilometer. De twadde etappe snein giet oer 242 kilometer fan Alba nei Parma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)