Kampioenskip Foppe kin noch

07 maaie 2011 - 17:02

Foppe de Haan fan Ajax Cape Town is sneon noch gjin kampioen wurden fan Súd-Afrika. De Haan koe mei syn team lânskampioen wurde, mar ferlear mei 4-0 fan Kaizer Chiefs. Omdat konkurint Orlando Pirates lykspile, is der takom wike noch in mooglikheid.

Foar de Haan soe de titel it earste kampioenskip mei in klup yn it betelle fuotbal betsjutte. Foppe de Haan waard yn syn lange karriêre al wol Europeesk kampioen mei Jong-Nederlân yn 2006 en 2007.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)