Bever Langwar útset yn Drinte

De bever is útset yn it stroomgebiet fan 'e Drintske Aa
De bever dy't tongersdei fongen is by Langwar is freedtejûn yn in sydtûke fan de Drintske Aa wer loslitten. De bever wie yn de haven fan Langwar fûn en oerbrocht nei de Fûgelhelling yn Oerterp. Dêr waard fêststeld dat it om in mantsjebever fan twa jier gie.
Opfallend wie dat it bist him maklik fange liet. Ornaris binne se tige skou. It bist hie wat skaafplakken op de sturt. De kâns bestiet dat er rekke is troch in boat. Nei in dei goed iten wie er sa fier dat er útset wurde koe.