Trekker yn sleat by Boalsert

De trekker yn de sleat tusken Boalsert en Tsjerkwert (foto: Rudy Bouma)
Op de Tsjerkwerterwei tusken Boalsert en Tsjerkwert is sneontemiddei in trekker mei oanhinger yn de sleat bedarre. De bestjoerder wie kjel wurden, doe't der brân útbruts tusken de tsjillen.
Hy skrok sa, dat hy yn in reaksje achterút ried en yn de sleat bedarre. De autodyk moast ôfset wurde om de trekker wer út de sleat te heljen. De bestjoerder kaam fierder mei de skrik frij. De brânwacht kaam ek, mar hoegde net yn aksje te kommen.