Ynbraak by tennisklup Wurdum

07 maaie 2011 - 14:12

Der is freedtenacht yn Wurdum ynbrutsen yn it gebou fan de tennisferiening oan de Swichumerdyk.

Om twa oere krige de plysje hjir in melding fan. Doe't se by it gebou kamen seagen se dat der in stien troch in rút smiten wie. De ynbrekker is nei alle gedachten steurd by syn aksje, want der is neat meinommen. Yn Jirnsum is sneontemoarn betiid ynbrutsen yn in winkel oan de Tsjerkebuorren. In attinte tsjûge hearde wat fertochts en belle gau mei 112.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)