Lulkens oer brêgejild Warten

07 maaie 2011 - 11:57

Ynwenners fan Warten binne lilk op de gemeente Boarnsterhim. It jild dat boatsjefarders betelje moatte om lâns de brêge te kommen is ferhege fan ien euro tsien nei twa euro.

De brêge is de ôfrûne tiid renovearre en sneon waard dy offisjeel yn gebrûk naam. In soad ynwenners binne wol bliid mei de nije brêge, mar binne der op tsjin dat boatsjefarders no mear betelje moatte. Ferskate minsken ferwachtsje dat toeristen no omfarre sille om it brêgejild te ûntrinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)