Slûs Starum folle goedkeaper

07 maaie 2011 - 11:31

De ferdûbeling fan de slûs by Starum pakt tsien miljoen euro goedkeaper út as earder tocht. Ballast Nedam mei de slûs oanlizze, hat de provinsje besletten. It wurk is ûnderdiel fan it twadde part fan it Fryske Marreprojekt, dat him foaral rjochtet op de tangongspoarten fan Fryslân.

Benammen de slûs by Starum is no in belangryk knipepunt. De hjoeddeistige slûs kin de drokte simmerdeis net oan. De nije slûs sil der foar it each hiel grien útsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)