Dreamsenario foar SC Cambuur

06 maaie 2011 - 23:01

Sportklup Cambuur hat it fiifde plak op it lêste nipperke feilich steld. Yn eigen hûs waard mei 3-3 lykspile tsjin FC Zwolle, troch in goal yn de blessueretiid fan Mark de Vries. Boppedat makke Veendam ek yn de ekstra tiid 2-2 by Volendam. Dêrtroch is der boppeyn de stân yn de Jupiler League neat feroare op de lêste spylronde.

Cambuur knokte him yn de wedstriid tsjin Zwolle trije kear werom fan in achterstân. Reza Ghoochannejhad makke de 1-1 en Mark de Vries de 2-2 en 3-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)