Nije skipswerf yn Harns

Direksje fan North-Line Yachts yn Harns
Harns krijt der in nije skipswerf by. Jachtbouw Zevenhuizen hâldt op yn Frjentsjer en bout yn Harns in loads fan 3000 kante meter oan it Van Harinxmakanaal. It bedriuw giet fierder ûnder de namme North-Line Yachts.
Yn Frjentsjer waarden allinnich grutte seegeande motorjachten fan mear as 20 meter boud. Mar it bedriuw wol him ek rjochtsje op de bou fan profesjonele skippen lykas loadsboaten en bemanningsskippen foar de off-shore.