Frou ferwûne troch kat

06 maaie 2011 - 19:04

In 68-jierrige fytster út Parregea is freedtemiddei ferwûne rekke doe't har man útwike moast foar in kat. It slachtoffer seach te let dat har man in manoeuvre makke om om de kat hinne te fytsen. Dêrtroch rekke se út balâns en foel.

De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)