Man en frou ferwûne yn Snits

06 maaie 2011 - 19:02

In pear fan 63 en 61 jier âld út Snits is freed oan it begjin fan de middei ferwûne rekke by in ûngelok. By it ynfoegjen op de Lemmerdyk yn Snits rekke de 63-jierrige man mei syn brommobyl de oanhingwein fan in auto dy't betsjoerd waard troch in 36-jierrige ynwenner fan Drachten. De man fan 63 ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin in lantearnepeal.

Hy en syn frou rekken ferwûne oan de holle en moasten nei in dokter ta foar behanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)