Rûpepleach op komst

06 maaie 2011 - 18:18

Yn Fryslân is in grutte rûpepleach op komst. Sawol yn Mûnein as yn Burgum binne ferskate beammen en struken folslein keal fretten. It giet om rûpen fan de lytse winterflinter. Dêr binne dit jier in soad fan. Dat komt troch de droege winter en it waarme waar.

Friezen dy't lêst hawwe fan de rûpen yn 'e tún kinne net in soad tsjin de pleach dwaan. Wol binne der in soad sjongfûgels dy't de rûpen graach opfrette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)