'Ferheging wenarken ûnearlik'

© Omrop Fryslân
De ferheging fan de hier- en ferkeapprizen foar wenarken yn de gemeente Boarnsterhim is te drastysk. Dat sizze de fraksjes fan de FNP, GrienLinks en D66. Se hawwe dêroer fragen steld oan b. en w.
Gemeentlike grûn en wetter wurde foar folle hegere bedragen ferkocht as de taksaasjes. De hierprizen gean mei yn trochsneed 650% omheech. Neffens de fraksjes is it net ridlik om foar in relatyf lytse groep wenboatbewenners sa folle ekstra kosten te rekkenjen.