'Kamerabewaking Erasmushiem'

06 maaie 2011 - 14:47

By soarchsintrum Erasmushiem yn Aldlân yn Ljouwert moat kamerabewaking komme, tsjin ynbraken. Dat fynt de PvdA-fraksje yn dy stêd. De PvdA hat fan ferskate bewenners lûden heard, dat sy yn noed sitte. Sy hawwe it gefoel dat der hieltyd mear ynbrutsen wurdt.

Neffens de plysje is der krekt in man oppakt dy't in soad ynbraken bekend hat. Dêrmei soe in ein kommen wêze oan de golf fan ynbraken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)