Himpkwekerij op It Hearrenfean

Argyffoto Omrop Fryslân
Oan de Aureliastrjitte op It Hearrenfean is tongersdeitemiddei in himpkwekerij oprôle. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in anonime tip. Ien fan de keamers yn de wente wie ynrjochte as kwekerij mei goed 368 plantsjes.
Alle apparatuer en de planten binne yn beslach naam. Se wurde ferneatige. De 19-jierrige bewenner is letter op 'e middei oanhâlden.