Trochridende VW Polo socht

06 maaie 2011 - 12:30

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Harns. Dêrby rekke moandei in jonge fytser (16) út Harns ferwûne oan beide earms. De jonge waard op de Johan van Oldebarneveltstrjitte oanriden troch in donkerkleurige VW Polo. De auto is nei it ûngelok trochriden.

De plysje wit oant no ta allinnich dat it nûmerboerd fan de auto begjint mei 68. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne harren melde by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)