Befrijingsfestival goed ferrûn

06 maaie 2011 - 11:51
It Noardewynpoadium (foto: Omrop Fryslân)

De plysje is tefreden oer it ferrin fan it befrijingsfestival fan tongersdei. Der hawwe 60.000 oant 70.000 besikers west, mar der wiene gjin grutte problemen. Wol krigen guon in bekeuring foar pisjen yn it iepenbier op plakken dêr't it net mei, foar dronken op stjitte rinnen en balstjurrigens.

De plysje hat sawol yn de strjitten as op it wetter dwaande west om de boel yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)