Befrijingsfestival tige slagge

It Noardewynpoadium
It befrijingsfestival yn Ljouwert is mei 90.000 besikers drokker wurden as tocht. Yn it foar wie rekkene op 60.000-70.000 minsken. De organisaasje ferklearret de grutte belangstelling troch it waar en de programmearring dy't foaral ek op jongeren rjochte is.
Takom jier soe der neffens produsint Jan Gaastra eins noch in twadde haadpoadium bykomme moatte, bygelyks yn de Arendstún. Dêrfoar is wol ekstra jild nedich, want dat sit net yn de besteande begrutting fan oardel ton.