De Tille sloopt Dútsk tankskip

In tankskip fan 85 meter lang dat ferline moanne eksplodearre yn it Dútske Lingen, wurdt sloopt yn Koatstertille. It skip leit dêr by it bedriuw Theo Reitsma Recycling. It skip ûntplofte by de raffinaderij fan BP mei 900.000 liter benzine oan board. De fersekering moat it skip earst noch ûndersykje en oant dy tiid meie de slopers der net oan komme.
Reitsma is fjouwer jier lyn begongen mei it slopen fan skippen. Dat wurdt hieltyd in belangriker ynkomstebron.