Hendikepte bern yn Abe-stadion

Yn it Abe Lenstrastadion koene tongersdei tsientallen bern mei in beheining fuotbalje mei spilers fan SC Hearrenfean. Der wie in spesjale middei organisearre mei allinnich mar sporten dy't ek dien wurde kinne troch minsken mei in beheining. Sa wiene der ûnder oaren sporten mei rolstuollen, sa as rolstoelfuotbal en -tennis.
Proffuotballers binne fansels net wend om yn rolstuollen te fuotbaljen en dêrom wie de beheining fan de bern foar ien kear krekt har foarsprong.